Frysk muzykûnderwiis moat ympuls krije mei subsydzje en skoalprogramma

12 apr 2021 - 17:54

It Ryk stelt 50.000 euro beskikber om it muzykûnderwiis op skoallen te stimulearjen. It jild is bedoeld foar in projekt dat muzyk op skoalle keppelet oan meartaligens. Muzykferieningen spylje ek in rol by it projekt, mei in ferdjippingsprogramma nei skoaltiid. It is de bedoeling dat skoallen en muzykferieningen mei de bern tawurkje nei in feestlike galakonsert yn maaie 2022. Kultuer-advysorganisaasje Keunstwurk koördinearret it projekt.

Foto: Shutterstock.com (Pixel-Shot)

In soad partners, lykas skoallen, keunstsintra, oplieders en politisy, hawwe tasein it programma Us liet mei in ferhaal mooglik te meitsjen.

'Meispelen'

"Wy kinne hjirmei in moai stimulearringsprogramma optuge, no kinne wy wat mienskipliks organisearje," seit Thijs Oud fan Keunstwurk. "It is in ympuls foar de muzyklessen, mar ek in jiertema mei meartaligens: Us liet mei in ferhaal. En wy wolle graach dat eltsenien optreedt, dat skoallen hearre litte wat de bern kinne. En dat moat barre yn 2022 mei de saneamde Meispelen. Eins soene de Meispelen ferline jier al, mar dat moasten wy útstelle."

It muzykûnderwiis kin de stipe hurd brûke, seit Oud. "De lêste jierren hawwe wy wol wat klappen hân mei it muzykûnderwiis nei skoaltiid. Ek de muzykskoallen en -ferieningen hawwe it dreech. Dan is it moai dat je it ûnderwiis stypje kinne op de skoallen sels."

Thijs Oud fan Keunstwurk

(Advertinsje)
(Advertinsje)