Bysûnder wenhofke Skoatterwâld: senioaren nimme heft yn eigen hannen

12 apr 2021 - 17:25

Der moatte mear wenhofkes en oanleunwenningen komme foar âlderein. Dat seit senioare-organisaasje KBO-PCOB. Sy jouwe in dúdlik advys oan de takomstich minister. Want 70 persint fan de senioaren kin op it stuit net in geskikt hûs fine. In frijsteand hûs is faak te grut, mar ferhûzje nei in aldereintehûs sjogge se ek net altyd sitten. Op It Hearrenfean hawwe Theo Horsten en Tiny Oosterman it heft yn eigen hannen naam: yn de wyk Skoatterwâld komt in bysûnder wenhofke.

Theo Horsten en Tiny Oosterman - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Yn de nije wyk Skoatterwâld is in plan makke foar acht wenten. "Het zijn acht woningen, dus er zijn ook acht plekken waar weer doorstroming ontstaat," seit Tiny Oosterman. Dat is wichtich yn de hûzemerk fan hjoed-de-dei. "Voor de starters en voor asielzoekers moet er ook meer gebouwd worden, maar ook voor senioren. Zodat niet iedereen driehoog in een appartement moet."

Sosjale gearhing

It plan komt dus net by de gemeente of in wenningkorporaasje wei, mar is echt in eigen inisjatyf. Oosterman: "We kwamen hier in Heerenveen wonen en kenden eigenlijk niemand. Dus wij dachten: als we hier willen blijven wonen, moeten we ons eigen netwerk en onze eigen sociale samenhang creëren. De gemeente heeft het idee omarmd. We hebben een stichting opgericht, voor de ontwikkelkosten hebben we geld geleend aan de stichting. De architect was zo vriendelijk om pas betaald te willen worden als het verkocht is, de aannemer vertrouwt er ook op dat het goedkomt en de gemeente hoeft het geld voor de grond ook pas als de kopers tekenen."

Ferslachjouwer Jeroen Boersma op It Hearrenfean

De foarm fan it hofke is bysûnder: in ovaal, dy't ek nochris oan it wetter komt te lizzen. De foarm is ûntstien troch de foarm fan de kavel. "Het ovale geeft beslotenheid aan de binnenkant, maar ook openheid aan de buitenkant. Dit is precies een hofje naar ons model," seit Horsten.

Sels de kar meitsje

De wenten foar âlderein hawwe wol oare saken nedich. "Het grote verschil is dat het allemaal gelijkvloers is. En in onze situatie ook rolstoelvriendelijk." Dat it midden tusken de oare wenten komt, is allinne mar moai. "Je ziet hier de kinderen spelen, dat vinden we prettig. We willen graag verbinding in de wijk, mensen kunnen ook bij ons koffie komen drinken."

Fansels, yn in gewoan appartemint wenje kin ek gewoan. Mar net eltsenien wol dat, seit Oosterman. "Vaak is er voor senioren geen keus. Maar wij willen graag contact met buiten behouden en hier komen ook een gemeenschappelijke tuin en ruimte om vereenzaming van senioren tegen te gaan. Zo kunnen we een beetje op elkaar letten. We proberen ook om zo ecologisch mogelijk te bouwen, met een grondwarmtepomp bijvoorbeeld."

Der binne yntusken seis fan de wenten ferkocht. "We hopen dat we in mei kunnen beginnen met bouwen en dat het in negen maanden bouwtijd gerealiseerd kan zijn."

Theo Horsten en Tiny Oosterman

(Advertinsje)
(Advertinsje)