Heger ûnderwiis liket dochs iepen te gean, blydskip by Campus Fryslân

12 apr 2021 - 16:57

De foarnommen iepening fan it heger ûnderwiis liket dochs troch te gean. Earder moandei warskôge it lanlik studintefakbân dat it foar studinten net langer fol te hâlden is. Sy wiene benaud dat it útstellen fan it iepenjen fan terrassen en winkels ek betsjutte soe dat de hegeskoallen en universiteiten noch net iepengean soene. Mar boarnen om it kabinet hinne hawwe sein dat de iepening op 26 april wol trochgiet. Ta grutte ferromming fan studinten en skoallen.

Heger ûnderwiis kin dochs wer iepen

Engelien Reitsma fan Ryksuniversiteit Grins Kampus Fryslân is "superwiis" mei de weriepening fan it universiteitsgebou yn in eardere beursgebou oan de Wurdumerdyk yn it sintrum fan Ljouwert.

"It is goed foar it wolwêzen dat de studinten fan harren keamers ôf komme en wer mei-ioar leare. Guon rêde harren hiel aardich mei online ûnderwiis, mar oaren hawwe it dreech, benammen ynternasjonale studinten."

De coronamaatregels bestean foar in grut part út de alom bekende dingen: ferplichte rinrjochtingen, oardel meter ôfstân hâlde, hanwaskje en by klachten in sneltest dwaan. Se hawwe dêr al earder ûnderfining mei opdien. Wat de sneltesten oanbelanget, wurde de lêste puntsjes op de 1 set. Dêr kin Reitsma fierders noch neat oer sizze. "Dêr binne wy noch mei dwaande."

It gebou mei net fol wêze. Der kinne op syn heechst 270 minsken tagelyk ferbliuwe. Der sitte no ek al learlingen fan de boppebou fan it tariedend wittenskiplik ûnderwiis yn. De vwo'ers meitsje ek gebrûk fan it gebou. Kwa studinten sitte der benammen bachelorstudinten yn. De masterstudinten binne oan it ôfstudearjen. Sy hoege gjin kolleezjes mear te folgjen en hoege dus net nei it universiteitsgebou te kommen.

Engelien Reitsma fan RUG/Campus Fryslân

RUG / Campus Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda
(Advertinsje)
(Advertinsje)