Dennis Visser ferliest plak yn nasjonale shorttrackseleksje

12 apr 2021 - 16:20

Dennis Visser makket mei yngong fan it kommende shorttrackseizoen gjin diel mear út fan de nasjonale seleksje. Sa hat it bûn KNSB besluten. Foar Visser en Koen Slootweg is gjin plak mear. Dêr stiet foaroer dat Jens van 't Wout en Kay Huisman by de seleksje fan bûnscoach Jeroen Otter komme.

Foto: Orange Pictures

It is foar Visser in grutte tebeksetter, mar de Lemster wol der net al te folle oer kwyt. Hy sil noch mei it KNSB om tafel om sa dochs in oplossing te finen om troch te kinnen. Wol lit Visser witte dat er der bot fan baalt dat er net opnaam is yn de seleksje. Visser belibbe grutte suksessen op de efterfolging. Sa waard er op de relay yn 2016 en 2018 Europeesk kampioen. It grutste sukses helle er yn 2017, doe't er yn eigen lân wrâldkampioen waard mei de Nederlânske ploech.

Troch in blessuere wie it ôfrûne shorttrackseizoen der ien om gau te ferjitten foar Visser. Hy hie lykwols noch altyd hoop op in plak yn de seleksje foar de Olympyske Spelen foar takom jier. Dêr liket allinne no in streek troch hinne te kinnen.

Friezen

Sân fan de santjin leden yn de nasjonale seleksje binne Fries en behâlde yn it olympyske seizoen wol gewoan harren plak. It giet dan om Sjinkie Knegt, Itzhak de Laat, Daan Breeuwsma, Jasper Brunsmann, Sven Roes, Suzanne Schulting en Rianne de Vries.

Nasjonale shorttrackseleksje 2021/2022

Manlju Froulju
Sjinkie Knegt Suzanne Schulting
Itzhak de Laat Selma Poutsma
Dylan Hoogerwerf Xandra Velzeboer
Daan Breeuwsma Rianne de Vries
Jasper Brunsmann Yara van Kerkhof
Friso Emons Georgie Dalrymple
Sven Roes
Jens van 't Wout
Melle van 't Wout
Bram Steenaart
Kay Huisman
(Advertinsje)
(Advertinsje)