Promovearret Cambuur op sneon nei de earedifyzje? De senario's op in rychje

12 apr 2021 - 21:44

Nei hast twa jier lang boppe-oan stien te hawwen, kin it dit wykein dan lang om let barre foar SC Cambuur: promoasje nei de earedifyzje. Mei noch trije ploegen dy't Cambuur efterhelje kinne, is der lykwols noch in ferskaat oan senario's mooglik. We sette hjirûnder alle senario's fan dit wykein op in rychje.

Foto: Orange Pictures

Troch it lykspul fan Almere City yn de alderlêste sekonde tsjin Telstar (1-1) op moandeitejûn kin Cambuur yn elk gefal kommende freedtejûn noch gjin feest fiere, mar soe dat miskien op sneontejûn wol kinne. Dan moat Cambuur winne of lykspylje tsjin Helmond Sport. By ferlies krijt Cambuur nije wike freed in nije kâns, dan tsjin Jong AZ.

De stân yn de earste difyzje

Wedstriden Punten Doelsaldo
1. SC Cambuur 33 79 +66
2. De Graafschap 33 70 +18
3. Almere City 33 67 +27
4. NAC Breda 33 66 +32

By winst fan Cambuur moat Almere City winne om de promoasje foar te kommen. Dat is dan wol allinnich in teoretyske kâns, want Almere kin dan allinnich noch op itselde puntetal as Cambuur komme. It doelsaldo fan Cambuur is lykwols sa goed, dat der kuorbalútslaggen delset wurde moatte om Cambuur noch yn te heljen.

As Cambuur lyk spilet, dan moatte we op 'e nij sjen nei de resultaten fan NAC en Almere. As NAC op freedtejûn wint fan Roda is de promoasje fan Cambuur dizze wike noch net wis. By in Bredaas ferlies of in lykspul, is NAC útspile. Dan sjogge we nei de sneon. As Almere City ferliest fan Go Ahead Eagles, promovearje de Ljouwerters. By in Almeers punt of in oerwinning, kin Cambuur sneon noch net promovearje.

De krúsjale wedstriden dit wykein

Freed SC Cambuur - Helmond Sport
Freed Roda JC - NAC Breda
Sneon Go Ahead Eagles - Almere City

As it dit wykein noch net slagget foar Cambuur, is der fansels noch neat oan de hân. De Ljouwerters krije de kommende wiken noch fjouwer kânsen om promoasje feilich te stellen. Nije wike freed yn de útwedstriid tsjin Jong AZ is de earstfolgjende kâns. Dêrnei folgje ek noch kânsen yn de thúswedstriid tsjin De Graafschap, de útwedstriid tsjin FC Dordrecht en yn de lêste wedstriid fan it seizoen: thús tsjin NAC Breda.

(Advertinsje)
(Advertinsje)