Bemanning Wylde Swan kin swavel fulkaanútbarsting Saint Vincent rûke

12 apr 2021 - 15:50

Wylst it dek fol leit mei jiske fan de earste útbarsting belibbe de bemanning en de learlingen fan it Fryske tradisjonele sylskip De Wylde Swan in twadde fulkaanútbarsting. Se lizze op feilige ôfstân fan it Karibysk eilân Saint Vincent mei de fulkaan La Soufrière, mar kinne de swavel wol rûke. Troch de fulkaanútbarsting moatte se de reisplannen oanpasse.

Foto: ANP

Der rint in lavastream troch de doarpkes.

Kapitein Marco van der Werf oer de twadde útbarsting

It liket wol modder op it dek fan de Wylde Swan. It Fryske tallship is ûnderweis nei Sint Maarten en sylt yn de Kariben. Doe't de fulkaan La Soufrière op it eilân Saint Vincent earder útbarste, waard de bemanning wekker mei in laach jiske op it skip. In pear oeren ferlyn wie der in nije erupsje. Kapitein Marco van der Werf:

"Wy lizze op 30 myl ôfstân fan de fulkaan en kinne de swavel hjir rûke. De fulkaan is trije oeren ferlyn foar de twadde kear útbarst. Dizze kear is it heftiger mei in soad jiske. Der rint in lavastream troch de doarpkes. De jiske komt del as modderrein en dat is spektakulêr, fine de learlingen oan board ek. De lêste útbarsting wie fan de jierren '70 en dêrfoar wie it sawat 100 jier ferlyn."

Foto: Wylde Swan

Syn skip leit op feilige ôfstân fan de fulkaan. De útbarstingen hawwe gefolgen foar it ferfolch fan de reis. De bemanning moat útwike nei in oar eilân. De Wylde Swan soe reserveûnderdielen ophelje dy't klear lizze by de dûane op Saint Vincent. Dat kin no net. It guod wurdt mei in taksyboatsje nei in oar eilân brocht dêr't it ophelle wurde kin.

De tritich learlingen op De Wylde Swan soene op 24 april fan Sint Maarten weromfleane nei Nederlân. Dêrfoar moatte se in coronatest dwaan en dêrfoar soene se nei it lytse Young Island flak foar de kust fan Saint Vincent. "Dêr wolle jo no echt net wêze", seit Van der Werf. Se binne yn petear mei Sint Maarten oft de coronatesten no dochs net op dat eilân kinne. Sint Maarten leit sawat trije dagen farren fan it plak dêr't De Wylde Swan no leit.

Marco van der Werff

(Advertinsje)
(Advertinsje)