Omrop Fryslân twa kear nominearre foar NL Award-fakprizen

12 apr 2021 - 15:34

Omrop Fryslân is dit jier twa kear nominearre foar in NL Award. Dat binne de jierlikse fakprizen foar de bêste produksjes fan de regionale omroppen. De Omrop is, mei de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad, nominearre yn de kategory 'bêste audioproduksje' mei it projekt Duizend Dagen oer de tûzen dagen tsjerke-asyl fan in Syrysk-Ortodokse famylje yn De Rottefalle. De oare nominaasje, yn de kategory 'dokumintêre' is foar De Berchrede fan it flakke lân oer hoe't it libben derút sjen kin nei it coronatiidrek.

NL Awards, argyffoto - Foto: NL Awards

Op 27 maaie wurdt bekend oft Omrop Fryslân ek yn de prizen falt mei de NL Awards, dy't dan online hâlden wurde. De grutte priis is de Gouden NL Award, foar de bêste sjoernalistike produksje fan alle regionale omroppen yn it lân.

Njonken foarsitter Dionne Stax bestiet de sjuery dit jier út Maarten Dallinga, Heidi Wulfsen, Botte Jellema, Jessica Swinkels, Joris Gerritsen, Carmen Fernald, Nejifi Ramirez en Priscilla Tienkamp.

Bart Kingma

Karen Bies oer de podcast Duizend Dagen

De sjuery oer Duizend Dagen: "Origineel onderwerp, sterk regionaal en met landelijke urgentie zeker gezien de continue discussie over migratie en vluchtelingen."

De sjuery oer De Berchrede fan it Flakke lân: "Een gedurfde productie over een serieus onderwerp."

(Advertinsje)
(Advertinsje)