211 nije coronabesmettingen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

12 apr 2021 - 15:20

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 211 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne 29 mear as snein. Doe wiene it der 182. De ôfrûne wike binne der yn trochsneed alle dagen 209 nije besmettingen by kaam.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert: 30. Dêrnei folgje Súdwest-Fryslân (29) en De Fryske Marren (21).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der waarden trije nije sikehûsopnamen yn ús provinsje meld, ynwenners fan Weststellingwerf, De Fryske Marren en Achtkarspelen.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne moandei 6.757 nije coronagefallen registrearre. Snein wiene dat der 8.288. Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike 7.157 deis.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

(Advertinsje)
(Advertinsje)