Strafrjochtlik ûndersyk nei oerboard fallen konteners

12 apr 2021 - 14:36

Der rint in strafrjochtlik ûndersyk nei it ynsidint mei de konteners dy't ferline wike oerboard sloegen fan it kontenerskip Baltic Tern. Dat hat it Iepenbier Ministearje bekend makke. It giet om in ûndersyk fan de Maritime Plysje yn gearwurking mei de Inspectie Leefomgeving en Transport. De lieding leit by in offisjier fan justysje. It is in standertproseduere dat by sokke ynsidinten ûndersyk dien wurdt.

Bylden fan de tredde kontener

It ûndersyk rjochtet him op de fraach oft der sprake is fan strafber hanneljen. Dêrby wurdt ek ûndersocht oft der ien ferantwurdlik hâlden wurde kin foar de fersmoarging dy't ûntstien is.

Boppedat wurdt sjoen nei de fraach hoe't it koe dat de Baltic Tern fiif konteners ferlear en oft bygelyks tsjin de wet hannele is. It giet dan om de wet 'ter voorkoming verontreiniging door zeeschepen' en de wetterwet.

De kontener, sjoen fanút it fleantúch fan de Kustwacht - Foto: Kustwacht

Snein waard dúdlik dat trije fan de fiif konteners dy't oerboard sloegen, terjochte binne. It bergingsskip Friendship fan Skylge hat snein de tredde kontener op de boaiem fan de Noardsee fûn. In kontener mei aseton en ien mei brûkte bakoalje wienen earder al burgen.

'Gjin bakoalje en aseton yn it wetter'

De kontener mei aseton dy't freed al fûn wie mar op see net burgen wurde koe, is sneon troch in sleepboat nei de Eemshaven sleept. Dêr wie earder ek al de kontener mei brûkte bakoalje hinne brocht. Rykswettersteat is bliid dat fan beide stoffen sa't it no liket neat yn it wetter bedarre is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)