Ferduorsumjen fiskerij op de Iselmar hat grutte gefolgen foar fiskerij-eveneminten

12 apr 2021 - 13:58

In plan fan demisjonêr minister Schouten fan Fiskerij hat mooglik grutte gefolgen foar fiskerij-eveneminten. It giet dan bygelyks om de Strontrace yn Warkum of om de Fiskerijdagen yn Makkum. It plan moat derfoar soargje dat de fiskstân yn de Iselmar op peil bliuwt. Sa't it plan der no hinne leit, liedt dit net allinnich ta beheinings foar beropsfiskers, mar ek foar de kultuerhistoaryske silende fiskerij. "As dit plan trochgiet, steane in soad eveneminten faai", warskôget Bernard Rekers fan de Visserij Vereniging út Warkum.

Foto: Omrop Fryslân

It probleem is it tal saneamde 'netnachten' dy't alle fiskerij-eveneminten hawwe, leit Bernard Rekers fan de Visserij Vereniging Warkum út. "In netnacht is in nacht dat wy op in skip ien net brûke. Yn totaal ha wy 500 netnachten ta ús beskikking. Dy netnachten moatte wy ferdiele oer alle eveneminten. No't yn it plan stiet dat dit tal mei 85 prosint omleech moat, wurdt it wol hiel dreech om noch in evenemint te organisearjen."

Gjin begryp yn Den Haach

Yn it plan fan de minister stiet dat se allinnich in útsûndering meitsje wol foar kultuerhistoaryske fiskerij. Mar dy útsûndering jildt net foar de silende fiskerij. En dêr giet it no krekt om by eveneminten as de Fiskerijdagen of de Strontrace. Rekers: "It grutste probleem is dat Den Haag net hielendal begrypt wat wy dogge. Wy ha al oanbean om lâns te kommen en se út te lizzen hoe't it krekt sit. Mar it begryp foar ús útsûnderingsposysje is der noch altyd net."

Bernard Rekers fan de Visserij Vereniging út Warkum

Takomst eveneminten

De silende fiskerij fynt eins dat se al hiel duorsum binne om't harren fiskjen mei de hân giet. Eins soe it plan takom jier yngean moatte. Troch it werferdielen fan de netnachten stiet de takomst fan ferskate eveneminten faai, wylst dat krekt dé eveneminten binne wêrop't de silende fiskerij har sjen litte kin oan it grutte publyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)