Fryske Ballonfeesten útsteld nei 2022

12 apr 2021 - 13:55

De 35ste edysje fan de Fryske Ballonfeesten op De Jouwer wurdt opskood nei takom jier. It is foar de twadde kear op rige dat it grutte evenemint útsteld wurdt fanwegen de coronamaatregels.

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Foarsitter Herman Kleinsmit fynt it spitich dat it bestjoer dizze drege kar meitsje moast. "We laten ons niet zo snel gek maken. Maar met alle onzekerheden die er nog zijn en deelnemers afkomstig uit heel Europa, is het organisatorisch niet mogelijk een volwaardig evenement op de geplande datum voort te zetten. We verplaatsen de 35ste Friese Ballonfeesten daarom naar 20 t/m 24 juli 2022."

(Advertinsje)
(Advertinsje)