Ljouwerter hat slok op en fljocht mei 215 kilometer yn 'e oere oer A7

12 apr 2021 - 13:41

In 21-jierrige man út Ljouwert is snein syn rydbewiis kwyt rekke nei't er mei 215 kilometer yn 'e oere oer de A7 ried. Nei't de plysje de begjinnende bestjoerder oan 'e kant sette, rûkten se in opfallende alkoholgeur. Ut in test die bliken dat de Ljouwerter mar leafst seis kear it tastiene promillaazje alkohol dronken hie.

In drankrider - Foto: Shutterstock.com

De plysje hat it rydbewiis fan de 21-jierrige bestjoerder ynnaam. Ek krige de man krekt as de oare minsken yn de auto in boete om't se harren net oan de jûnsklok holden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)