Faksinaasje-opkomst by húsdokters 'koe minder', mar der is ek teloarstelling

De animo ûnder Fryske 60-plussers om in AstraZeneca-spuit te heljen as coronafaksin falt de Fryske húsdokters oer it algemien net ôf. Ofrûne sneon begûnen de earste dokters mei it ynintsjen fan persoanlik útnûge 60- oant 65-jierrigen. Yn in inkeld gefal wie der earst teloarstelling oer de lege opkomst, mar dêr binne doe minsken boppe de 60 jier frege om te kommen dy't noch gjin oprop krigen hiene. De groep 65-75 hat noch gjin oprop krigen en de oanbrutsen fleskes AstraZenica kinne net bewarre wurde.
Faksinaasje by Fryske húsdokters
By húsdokterpraktyk 't Dok yn Harns makke trijekwart fan de oproppen Harnzers fan de útnûging gebrûk, by praktyk Trynwâlden yn Oentsjerk wie dat 72 prosint. Minsken dy't ôfrûne sneon net koene of letter dochs noch in prip helje wolle, kinne harren by dy praktyk melde. Húsdokter Wynstra út de Trynwâlden is 'net ûntefreden' oer de opkomst fan 72 prosint, nei alle negative publisiteit oer it AstraZeneca-faksin. Neffens him leit de opkomst op itselde nivo as by de jierlikse grypprik.

Teloarstelling yn Appelskea oer lege opkomst

By de praktyk fan dokter Bruins yn Appelskea oerhearske earst teloarstelling oer de lege opkomst fan 58 prosint. Hearst rûnom dat elkenien graach sagau mooglik de frijheid werom hawwe wol en dan komme in soad minsken net, seit de dokter. De dokter siet mei njoggen personielsleden klear, wêrfan't guon harren frije dei opoffere hiene. En dan is in tebeksetter dat oan it begjin fan de dei in soad minsken net opdaagjen kamen. Folle minder as dat se tocht hiene.
It lestige mei it AstraZenica-faksin is dat de flakons op moatte, as se ienkear oanbrutsen binne. Kinst se net bewarje yn de kuolkast foar letter. De dokter hat, doe't dúdlik wie dat der in soad oerbliuwe soe, frege oft de minsken ek famylje, kunde en buorlju hiene boppe de 60 jier dy't noch gjin prik hân hiene en dy't dat wol graach hawwe woene. Doe waard it dochs noch drokker.

Gûle

Op dit stuit wurdt de groep 60-65 yninte mei it AstraZenica-faksin. De groep 65-75 is noch net oan bar, mar dokter Bruins hat dy op fersyk wol yninte. Guon minsken wiene sels sa emosjoneel, dat se gûlden dat se in prik krigen. Blydskip wie der ek. De dokter en it personiel krigen folde koeken oanbean fan ien.

"Tromboazekâns by antykonsepsjepil folle grutter"

Bruins snapt net dat de lytse kâns op bywurkingen fan it AstraZenica-faksin sa'n grutte rol spilet dat minsken it manmachtich ôfwitte litte. Der is eangst foar bywurkingen fan tromboaze, mar de kâns dêrop is by de antykonsepsjepil folle gutter en dêr hearst gjinien oer.
Húsdokter Jacob Bruins fan Appelskea
Húsdokterspraktyk Appelskea © Omrop Fryslân, Onno Falkena