Wetterskip Fryslân siket nije meunsternimmers

12 apr 2021 - 11:27

Wetterskip Fryslân siket nije meunsternimmers. Sûnt it coronafirus hjir yn Fryslân útbrutsen is, docht it wetterskip yn gearwurking mei it RIVM ûndersyk nei it coronafirus. Ien fan de ûnderdielen yn dat ûndersyk is it besjen fan wettermeunsters.

Foto: ANP Foto

Yn it begjin waard dit dien op in beheind tal rioelwettersuveringsynstallaasjes yn Fryslân. Wetterskip Fryslân wol no al har ynstallaasje bemeunsterje. Om dat mooglik te meitsjen, sykje se nije meiwurkers, dy't yn alle gefallen de kommende trije jier wurk hawwe sille.

(Advertinsje)
(Advertinsje)