Grinsrjochter Erwin Zeinstra flagget by kwartfinale Champions League

12 apr 2021 - 10:22

Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp stiet woansdei op it fjild om de kwartfinale-wedstriid fan de Champions League te flagjen. Mei skiedsrjochter Björn Kuipers komt Zeinstra yn aksje by de wedstriid tusken Liverpool en Real Madrid.

Foto: ANP Foto

Zeinstra wie yn maart foar it lêst aktyf yn de Champions League. Doe flagge er de wedstriid tusken FC Porto en Juventus. Dat wie de achtste finale fan de Champions League.

De kwartfinale woansdei set om 21.00 oere útein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)