'Corona OverbruggingsLening' hat 21 Fryske bedriuwen fan de ûndergong rêden

21 Fryske bedriuwen hawwe gebrûk makke fan de saneamde 'Corona Overbruggingslening' (COL). Meiïnoar ha dizze 21 Fryske bedriuwen 6,5 miljoen euro krigen. Sûnt 29 april ferline jier bestiet de COL-regeling yn Fryslân en it Noarden, útfierd troch de Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij (NOM). De needlieningen hawwe jonge en ynnovative bedriuwen yn coronakrisis rêden fan de ûndergong, sa docht bliken.
COL-regeling hat 21 Fryske bedriuwen rêden
De regeling dy't opset is troch it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat en de Regionale Untwikkelingsmaatskippijen, is der foar bedriuwen dy't oantoanber yn de finansjele problemen kaam binne troch de coronakrisis. It giet bygelyks om start-ups en ynnovative bedriuwen, dy't foar in part bûten de boat falle by de regelingen dy't it kabinet yn it begjin fan de krisis oanbean hat.
Yn it Noarden hawwe 123 bedriuwen de COL-regeling oanfrege, 68 bedriuwen waarden goedkard foar sa'n needliening.
© NOM | Shutterstock.com (OSORIOartist)
Direkteur Dina Boonstra fan de NOM

DecoCoat op It Hearrenfean

As de COL-regeling der net west hie, dan hie it bedriuw DecoCoat fan It Hearrenfean net mear bestien. Dat seit oprjochter en eigener Frans-Theo Niemeijer. Syn bedriuw bestiet sûnt 2016 en hâldt him dwaande mei it dekorearjen en lakken fan fytsframes. It giet it meast om lytse searjes, spesjaal foar klanten makke. It gie goed mei it bedriuw, sa goed dat der ynvestearre wurde moast yn nije masinen en it oanlûken fan nij personiel.
Mar doe kaam de coronakrisis. Yn febrewaris krige Niemeijer te hearren dat frames út Sina wei net levere wurde koene, en der foel ek in foar de omset wichtige klant fuort. Tusken maart en maaie keldere it wurk, wylst der krekt nije minsken oannaam wiene. DecoCoat kaam wol yn oanmerking foar de NOW-regeling (Noodmaatregel Overbrugging voor Werkgelegenheid), mar dat duts mar in part fan de omset en it loste it probleem net op.
Mar de COL-regeling joech soelaas. Niemeijer die yn maaie in oanfraach en sa'n trije wiken letter hie er it jild op de rekken. De salarissen koene betelle wurde en in needsaaklike útwreiding fan de elektrisiteitsfoarsjenning koe realisearre wurde. De rappe reaksje en ôfhanneling wie foar Niemeijer krúsjaal: oars hie syn bedriuw net mear bestien. Op dit stuit giet it wer goed mei it bedriuw. De fytsferkeap sit wer yn de lift en DecoCoat hat gjin lêst mear fan de krisis.
Frans-Theo Niemeijer fan DecoCoat
© Google Street View

StarCups fan Ljouwert

Ek it Ljouwerter bedriuw StarCups hat baat fûn by de COL-regeling. It giet om in start-up dy't noch mar in pear jier bestiet. It bedriuw ferhiert en ferkeapet hardcup-drinkbekers oan eveneminten dy't miljeufreonlik binne en dêr't staasjejild foar betelle wurdt. Besikers fan in festival kinne de bekers dus 'hiere' en wer ynleverje by de bar. Der is ek in systeem mei Tikkie betocht om it jild rap te ferrekkenjen.
De loadsen leine grôtfol mei hardcups en de ferwachtingen foar 2020 wiene heech, oant it coronafirus tasloech. Foar eigeners Alex Elsinga en Rik de Nekker wie it in ramp. De evenemintebrânsj lei op syn gat en de omset wie nul. By banken hoegden se net oan te kopjen en as start-up foelen se bûten de regelingen. Sy krigen ien kear 4.000 euro en moasten rûnkomme fan sparjild en it ynkommen fan de partner.
By de NOM kamen se lykwols yn oanmerking foar de COL-regeling, ta grutte ferromming foar de manlju. It giet noch net goed mei de evenemintebrânsj, mar yntusken is der wol betrouwen yn de takomst. Mei it COL-jild kinne de rinnende kosten betelle wurde en wurdt boppedat wurke oan de takomst. Se wolle der klear foar wêze, as se wer úteinsette kinne.
Alex Elsinga fan StarCups
© Google Street View