Kollum: "Myn stoere neefke"

"Ik bin eins in bytsje in bangeskiter. Eartiids al. Net om foar groepen te praten, nee dat gie my maklik ôf. Mar om fan de hege dûkplanke ôf te springen of yn in hege beam te klimmen. Ek wie ik bang foar frachtauto's en dan benammen dy sûnder trailer. Allinnich dat grutte foarstik. Sa'n grut meunster. Mei losse hannen fytse, dat wie it eangste dat ik die.
© Janneke de Haan
De toan fan Janneke de Haan
Ik bin noch altyd in bytsje in bangeskiter. Ik fyn mountainbiken leuk, mar it moat net te mâl. As ik ien kear fuortslip, is de wille by my daalks bedoarn. Ik bin net sa'n daredevil. Myn freon soe my, doe't it glêd wie, in kear in slipkursus jaan. Dat like him needsaak. Hielendal sjoen nei hoe't wy wenje: al dy sjippeglêde dykjes. Dan moatst wol witte watst dochst ast de bocht út fljochst: keppeling yntraapje en meistjoere.
Wy nei in leech parkearplak. Hy it útlizze en ik siet der klear foar. We slippe en ik ferjit daalks alles wat hy my ferteld hat, raas keihurd en ryd sa tsjin de stoeprâne oan. Dûk yn de auto. Thys hie mei my te dwaan, want ik wie yn folsleine panyk. It fielde krekt as giene wy oer de kop! (Wat net koe, want we rieden mei in slakkegonkje.)
Ik haw in neefke fan njoggen, dy't wol in daredevil is. Jespah is nearne net bang foar en doart alles. It begûn al doe't er twa wie: mei sa'n rinfytske. Yn de bosk socht er dan de heechste bulte op. Sa lyts as er wie, sleepte er it fytske omheech om der dêrnei as in gek fan ôf te jeien. Doe 't Jespah seis wie begûn er oeral salto's fanôf te meitsjen. Der is in filmke fan him op 'e camping, dat er in salto efteroer makket fan in muorke en der allegearre bern om him hinne stean te 'ohhh-en' en te 'aaaah-en'. Lykas wie it in sirkusartyst.
Om punten te skoaren as omke, hat Thys in berne-quad oanskaft. Wat myn neefke der wol net allegearre mei doart?! Hy skeurt troch de tún en is in master yn 'driften'. Hielendal swart fan 'e modder stapt er fan in ding ôf en freget fol adrenaline oan my: "Zag je dat?!"
No en of ik it seach. Ik hold myn hert fêst De lêste keap fan myn freon is in 125cc crossmotor. Mei skeakelje en sa. Jespah is njoggen, mar nei trije kear de keppeling sjitte te litten, ried er fuort: as hie er nea oars dien.
Doe't er acht wie, krige Jespah in mountainbike. Ik wit noch dat ik tocht, "Ha leuk, no kin ik him ek wat leare". Want ik kin, al sis ik it sels, bêst in bytsje mountainbike. Dus wy op nei it mountainbikeparkoers. Ik hear mysels noch serieus fertellen dat hy 'meihingje' moat yn 'e bochten. Ik wie noch net útpraat of it mantsje skeurt al foar my út. Thys der efteroan. "Wacht op mij!", rôp ik noch. Mar se wienen al út it sicht. Ik der gau efteroan, mar ik koe se net byhâlde. De hindernissen dy't ik altyd efkes oersla, fan dy 'vrije val'-stikjes, dêr gie Jespah mei gemak oerhinne.
Nei in oere wie ik efter de pûst. Mar Jespah net. Dy hie enerzjy foar tsien. "Noch een rondje?" frege er. "En ga je dan mee van de helling af?". Alsjeblyft net, tink ik! "Ga maar met Thys, ik doe even rustig aan."
Ik moat mar akseptearje: ik sil noait sa stoer as Jespah wurde. Ien kear in bangeskiter, altyd in bangeskiter."