Auto-ûngelokken yn Easterwâlde en Boelensloane

12 apr 2021 - 06:50

De plysje hat sneintejûn in frou oanhâlden nei't se op de Nanningawei by Easterwâlde mooglik ûnder ynfloed in iensidich ûngelok feroarsake hie. De frou rekke fan de dyk en botste tsjin in peal. De auto kaam dêrby op in sydkant te lizzen. De helptsjinsten rieddn manmachtich út, mar de frou kaam mei de skrik frij. Se moast mei nei it plysjeburo foar in blaastest.

Foto: De Vries Media

By in ûngelok op de Spekloane by Boelensloane rekke earder op de jûn in frou ferwûne. Se ried mei har auto fan de dyk en botste tsjin in beam. De brânwacht moast de frou út de auto helje. Se is dêrnei nei it sikehûs brocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)