Doutzen stiet achter FC Gay

20 jul 2012 - 14:28

Topmodel Doutzen Kroes liet freed fan har hearre yn de publike diskusje oer homoseksualiteit yn de fuotbalwrâld. Doutzen lit op Twitter witte dat se fjouwerkant achter FC Gay stiet, it tv-programma fan BNN dat homoseksualiteit yn de fuotbalwrâld besprekber meitsje wol.

It programma kaam freed yn it nijs omdat Ajax-trainer Frank de Boer tsjin it programma sein hat dat homo's a-sportyf binne en 'in oare motoryk' hawwe as hetero's. It COC hat yntusken al om ekskuses fan De Boer frege.

De Boer die syn útspraken as antwurd op de fraach wêrom't der mar sa'n bytsje homo's aktyf binne yn it proffuotbal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)