Oprop en oerlis moat mear fisknetten yn see foarkomme

12 apr 2021 - 06:28

Fan al it ôffal dat op de Noardseestrannen bedarret, bestiet goed 40 prosint út ôffal fan de fiskerij. Wer in grut part dêrfan bestiet út stikkene fisknetten dy't brûkt binne by it fiskjen oer de Noardseeboaiem hinne. Mei troch ûndersyk fan Wageningen Universiteit en Research op Skylge en op Gryn is no dúdlik hoe't dit barre kin, mar ek hoe't je soks foarkomme kinne. Dêrom ropt stichting De Noordzee de fiskers op om mei te helpen dizze foarm fan fersmoarging foar te kommen.

In fisknet dat yn 2020 by in opromaksje op Gryn fûn waard - Foto: Omrop Fryslân/Remco de Vries

Oan de rjochthoekige foarm fan de fûne dielen fisknet is te sjen dat dy út it fisknet weihelle binne (faak omdat it fisknet skuord is). Dêrnei't wurdt der in nij stik fisknet fan in rol ynset. It feit dat dy kapotte netdielen nei ferfanging yn see bedarje, betsjut dat de minsken dy't de reparaasje útfiere, der ek wat oan dwaan kinne om foar te kommen dat it guod yn see bedarret.

De netten dy't fûn wurde, binne ek net hiel âld. Yn see kinne der fûgels of seehûnen yn fêstreitsje, mar ek foar de skipfeart kin it gefaarlik wêze as it bygelyks yn de skroef komt. It probleem spilet net allinnich yn ús part fan de Noardsee en de Waadsee; it fiskerij-ôffal bedarret yn de hiele Noardsee, mar ek yn de Noardlike IIssee.

'Green Deal'

Marijke Boonstra fan stichting De Noordzee sjocht by de fiskers dat dy der stadichoan ek mear omtinken foar ha. In goed foarbyld dêrfan is it 'fishing for litter'-projekt. Boonstra besiket troch petearen mei belange-organisaasjes fan de fiskerij úteinlik de fiskers sa fier te krijen dat sy der better omtinke as se in net reparearje. Dat gebeurt ûnder oare yn it ramt fan de saneamde 'Green Deal' foar de fiskerij.

In stik net dat opromme wurdt op Gryn - Foto: Omrop Fryslân/Remco de Vries

Mar in ynternasjonaal probleem freget ek in ynternasjonale oanpak. Dat gebeurt ûnder oare troch oan te skowen yn petearen dy't yn it ramt fan ynternasjonale ferdragen plakfine. Ek wurdt der gearwurke mei oare, ynternasjonale organisaasjes lykas de KIMO. Dy fertsjintwurdiget de belangen fan de Nederlânske en Belgyske gemeenten oan de Noardsee.

Marijke Boonstra fan stichting De Noordzee

(Advertinsje)
(Advertinsje)