Grutte twivels oer needsaak en helberens fan sintrales foar floeiber biogas yn Fryslân

12 apr 2021 - 06:16

Der bestean grutte twivels oer de helberens en de needsaak foar de bou fan twa sintrales foar floeiber grien gas (bioLNG), dy't op steapel stean yn Harns en Ljouwert. Der binne ûnder oare fragen út de polityk en fan saakkundigen en omwenners.

Fraachtekens by helberens biogas-sintrales

De FNP en CDA stelle fragen by de beskikberens fan genôch stront en biomassa yn ús provinsje. Sa seit in ferwurker fan grienôffal fan de gemeente Ljouwert dat biomassa al op ferskate oare wizen ferwurke wurdt foar bedonging fan de grûn. En omwenners yn Ritsumasyl, flakby it bouplak fan de sintrale yn Ljouwert, meitsje har soargen oer eventuele stank- en lûdsoerlêst en oer it grutte tal ferkearsbewegingen dat ûntstiet troch de oanfier fan biomassa nei de sintrale.

BioLNG

Plannen foar de beide sintrales binne de ôfrûne wiken troch twa groepen ûndernimmers nei bûten brocht. BioLNG is neffens de inisjatyfnimmers tige geskikt as alternative brânstof foar it fracht- en skipfeartferkear dat no noch tige fersmoargjend is. Under oare de boaten fan rederij Doeksen sille dêrop farre. Ek soene de byprodukten fan de sintrale goede grûnbedongers opsmite, sizze de bouwers. De sintrales yn Harns en Ljouwert hawwe alle jierren hûnderttûzenen tonnen oan biomassa nedich om te draaien.

Ien fan de plakken dêr't in sintrale komme moat - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Wopke Veenstra fan de FNP

Wopke Veenstra fan de FNP makket him grutte soargen oer de plannen. Neffens him is der yn Fryslân seker net genôch biomassa beskikber foar de grutte honger dy't beide sintrales dêr nei hawwe. "Ik tink op it earste gesicht: wat moatte wy dermei? Wêr moat dat materiaal allegearre weikomme dat yn dizze sintrales moat? De measte stront moat yn alle gefallen út it suden komme."

Stikstof

De claim fan de inisjatyfnimmers dat de biomassa út de regio komme sil, nimt er net serieus. "Ik leau al jierren net mear yn mearkes." Neffens Veenstra is de provinsje yn gearwurking mei gemeenten, natuerorganisaasjes en de lânbou drok dwaande mei de omfoarming nei in natuerynklusive fiifstjerrelânbou. Dêr passe dit soarte sintrales net by. "Boppedat set ik grutte fraachtekens by de stikfstofútstjit en de fergunning dy't dêrfoar nedich is", seit Veenstra.

Wopke Veenstra - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Twivels

It CDA sit mei ferlykbere twivels. Yn in parseberjocht wurde fragen oan it kolleezje fan Deputearre Steaten steld. "De centrale moet draaien op mest en restproducten. Het mestoverschot in Fryslân is klein. En er is een tendens naar meer extensieve landbouw, zodat het mestoverschot niet echt groter lijkt te worden. Waar moet al die mest vandaan komen? Gaan we die van ver halen?"

It CDA sjocht it nut fan 'griene brânstof', foar it fersmoargjende skip- en frachtferkear. Mar de partij makket him soargen oer de transportbewegingen dy't nedich binne om de biomassa oan te fieren. "Het uitgangspunt zou moeten zijn dat een dergelijke centrale thuishoort in de omgeving waar de nodige grondstoffen voorhanden zijn", skriuwt it CDA.

Geert Draaistra - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Adviseur Geert Draaistra

(Advertinsje)
(Advertinsje)