VC Snits net gau genôch opknapt fan corona; seizoen is foarby

De follybalsters VC Snits kinne it seizoen net ôfmeitsje. De seleksje wurdt hurd troffen troch it coronafirus en spilet dêrom al in skoft net. It plan wie om noch wol in searje wedstriden tsjin Zwolle te spyljen om it tredde plak, mar dat wurdt 'm ek net.
© Orange Pictures
VC Snits helle nei in ynkoarte regulier seizoen de top 4. Dy fjouwer ploegen dienen yn in kampioenspûl mei om de titel. Doe't Snits en Zwolle al útskeakele wienen om in finaleplakje, kaam it seizoen stil te lizzen fanwege positive coronatesten by ferskate klups.
Dêrnei besleaten de klups om noch wol in best-of-three-searje te spyljen tusken Snits en Zwolle, wêryn't Snits mei in foarsprong begjinne soe, fanwege in better resultaat yn de play-offs. Mar it coronafirus is noch net fuort út de seleksje en it slagget de klups net mear om in geskikte datum te finen foar de wedstriden. Snits hie noch op syn minst oardel wike nedich om wer hielendal sûn te wurden. Sa lang woe Zwolle net wachtsje.
Earder moast Snits him ek al weromlûke út it bekertoernoai, dat yn it peaskewykein spile waard.