Bruinsma komt yn Eindhoven net oan paralympyske limyt op 100 meter rêchslach

11 apr 2021 - 21:01

Swimster Liesette Bruinsma hat har net witte te kwalifisearjen foar de 100 meter rêchslach op de Paralympyske Spelen yn Tokio. Yn prinsipe wie it snein yn Eindhoven har lêste kâns om oan de limyt fan 1.21,35 te foldwaan, mar dat slagge har net.

Liesette Bruinsma - Foto: Orange Pictures

De Wommelse notearre op de Eindhoven Qualification Meet in tiid fan 1.26,32. Net genôch foar kwalifikaasje dus. Yn desimber wie se tichterby. Doe swom se de 100 meter yn in tiid fan 1.22,91. Dat wie in nasjonaal rekôr.

De 100 meter rêchslach is de iennige ôfstân dêr't se har noch net op kwalifisearre hat. Bruinsma docht yn Tokio wol mei op de 50, 100 en 400 meter frije slach, op de 100 meter skoalslach en de 200 meter wikselslach.

Der komt gjin nij toernoai wêrop't Bruinsma de troch sportkoepel NOC*NSF fêststelde limyt swimme kin. It swimbûn kin yn oerlis noch wol mei NOC*NSF beslute om har dochs noch yn te skriuwen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)