Van Bergen moat shirtsje Arjen Robben wer ynleverje: "Hij zit te huilen in de bus!"

11 apr 2021 - 20:13

Fan alle spilers fan Sportklup Hearrenfean dy't nei de oerwinning op FC Groningen fan it fjild stapten, hie Mitchell van Bergen de grutste laits. Hy hie syn shirtsje ruile mei Arjen Robben. "Ik ben blij met de drie punten, maar dit shirt kan wel mooi bij de selectie!"

Mitchell van Bergen:

Van Bergen seit dat er foar de wedstriid noch net oer it shirtsje fan Robben nei siet te tinken. "Ik wist niet dat hij bij de selectie zou zitten. Maar hij zat er wel bij. Dus we moesten eerst nog maar de wedstrijd spelen. Maar als hij dan langs komt lopen, dan kun je het mooi vragen." En Robben hie it shirt fan Van Bergen ek noch net, dus dat skeelt. "Maar nu wel", lake de rappe rjochtsbûten fan Hearrenfean, dy't mei syn ploech snein mei 2-0 wûn fan Grins.

It is net Van Bergen syn earste shirt fan in grutte spiler, al wurdt dit wol it pronkstik yn syn kolleksje. "Ik vind het leuk om shirtjes te hebben, ook van grote namen. Ziyech, De Ligt, ik heb shirtjes van heel veel spelers. Ze zijn stuk voor stuk mooi, maar Robben is wel een soort van Nederlandse legende."

"Huilen in de bus!"

Doe wist Van Bergen lykwols noch net dat er it shirtsje wer ynleverje moast. It shirt fan Robben wie ferlotte ûnder de supporters fan Grins. Trainer Johnny Jansen koe der wol om laitsje. "Mitch zit te huilen in de bus! Maar ik zorg wel dat ie nog een shirtje krijgt met nummer 10 erop."

Jansen kan er wel om lachen

Oer de wedstriid koe Jansen foar in grut part hiel tefreden wêze. "Dit is heel lekker, ik ben er superblij mee. Het was ook een verdiende overwinning, vind ik." De trainer fûn dat syn ploech benammen yn de earste helte wat earder de lange bal spylje moatten hie. "Toen we het iets dieper zochten, konden we makkelijker doorvoetballen. Lasse (Schöne, red.) en Joey (Veerman, red.) kwamen iets hoger aan de bal, met hun gezicht naar de goal. Dan kunnen ze geweldig voetballen."

Net Joey, mar Henk

Uteinlik kaam Hearrenfean troch in strafskop op foarsprong. En dy waard diskear net naam troch Joey, mar troch Henk Veerman. "Henk was altijd al nummer 1 op de lijst", seit Jansen. "Maar Joey nam ze ook in de voorbereiding. Henk heeft dat aan hem overgelaten. Maar op een gegeven moment miste Joey en dan is Henk de nummer 1."

Johnny Jansen was zeer tevreden:

Foar Henk Veerman wie it de earste kear dat er in strafskop naam foar Hearrenfean. By syn foarige klup, St. Pauli, die er dat ek wolris, mar net mei in soad sukses. "Bij St. Pauli gingen ze allemaal mis. Ik ben niet een specialist die z'n hele carrière al 100 penals heeft gemaakt. Hij moet binnen, dat is het enige wat door m'n hoofd gaat."

Henk Veerman:

Troch de oerwinning bliuwt Hearrenfean yn de race om plak acht, dat rjocht jout op play-offs om Europeesk fuotbal. "Dat was al vanaf het begin van het seizoen ons doel. Niemand verwachtte dat we dat zouden halen. Maar het is nog steeds ons doel. dus ik ben blij dat we nu dichtbij komen."

Woudenberg tsjinoer Robben: "We hadden het goed voor elkaar"

Werom nei Arjen Robben. De fedette kaam in kertier foar tiid yn it fjild. Syn direkte tsjinstanner wie Lucas Woudenberg. De linksback fan Hearrenfean wie yn it skoft ynfallen. "Hij is natuurlijk een geweldige voetballer. Hij heeft een geweldige staat van dienst, in het clubvoetbal maar ook voor het Nederlands elftal. Dus het is fantastisch om je daarmee te meten. Dat kwartiertje hadden we het goed voor elkaar. Dat geeft vertrouwen."

Lucas Woudenberg:

Woudenberg begûn dus wer op de bank. Dat is geregeld sa, sûnt Rami Kaib by de seleksje kaam is. "Ik begon prima aan dit seizoen", fynt Woudenberg. "Toen heeft de trainer de keuze gemaakt om mij eruit te halen. Dat is balen. ik ben het er ook niet mee eens. Maar ik houd altijd vertrouwen in mezelf. Dat de trainer me er de laatste tijd steeds inbrengt, is een teken dat ik goed bezig ben."

Supporters helje spilers binnen

Doe't de spilers werom kamen bij het Abe Lenstra stadion, stie en grutte groep supporters harren op te wachtsjen. De spilers waarden ûnthelle mei in protte gesang en fjoerwurk. Derby waarden de coronamaatregels net altyd like serieus naam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)