Fryske skoalbern wurde wekker op sylskip ûnder jiske fan fulkaan

11 apr 2021 - 21:44

Fryske skoalbern oan board fan it tallship de Wylde Swan binne snein wekker wurden yn de jiske fan de fulkaan dy't op it Karibyske eilân Saint Vincent húshâldt. De hommelse en heftige útbarsting fan La Soufrière smyt it programma fan it skip yn de war.

Learlingen fan de Wylde Swan mei de jiske op it gesicht - Foto: Wylde Swan

Oan board fan de Wylde Swan sitte sa'n 30 learlingen dy't it silend ûnderwiisprogramma Masterskip folgje. Al sûnt jannewaris leit it skip foar anker foar de eilannegroep dy't mei-inoar it lân Saint Vincent en de Grenadines foarmje. De fulkaan barste in pear tsientallen myl fierderop út.

De skoalbern kinne no nei alle gedachten net mear werom nei it grutste eilân, Saint Vincent. De planning wie om dêr begjin dizze wike oan te kommen foar bygelyks in PCR-test en apparatuer foar de masinekeamer. Dat leit allegear yn de haadstêd Kingstown.

"Van de andere schepen begrijpen we dat naar Kingstown zeilen eventueel niet meer mogelijk is", seit direkteur Christophe Meijer fan de Wylde Swan. Hy sit yn Fryslân, mar hat in soad kontakt mei kapitein Marco van der Werf. "We proberen nu om de onderdelen met boottaxi naar ons vervoerd te krijgen. We hebben die spullen echt hard nodig! Door de noordoost-passaatwind wordt de aswolk naar de het zuidwesten geblazen. Dat is precies de plek waar wij straks langs moeten om met de scholieren terug te zeilen naar Sint Maarten."

Planning op losse skroeven

De bedoeling is dat de learlingen op 24 april op it fleantúch stappe werom nei Nederlân. Foar dy tiid moatte se wol negatyf op corona teste. Dat soene se dwaan yn Kingstown, mar dat kin troch de fulkaanútbarsting net. Se sykje no út hoe't se dat oplosse kinne.

De fulkaan La Soufrière - Foto: ANP

Op alle eilannen fan Saint Vincent en de Grenadines is de situaasje wer oars, seit Meijer: "Op het ene eiland daalt alleen veel vulkanische as neer, op het andere eiland is het sociale leven ontregeld en draagt iedereen stofbrillen en soort Sahara kleding over neus en mond tegen de zwavel en het stof. Op het eiland waar de vulkaan met veel geweld van licht, donder en diep gerommel aan het uitbarsten is, wordt men geëvacueerd."

De kommende dagen wurde spannend, want it is net dúdlik hoe't it fierder giet mei de fulkanen. In oare fulkaan, de Mount Pelée op Martinique, lit sûnt koart ek in soad aktiviteit sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)