'Ferrommingen coronamaatregels pas wike letter'

11 apr 2021 - 17:40

De ferromming fan de lockdown giet net op 21 april yn, mar pas in wike letter. Dat seit in wurdfierder fan de Rijksvoorlichtingsdienst tsjin it ANP.

In terras op it Saailân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Earder dizze wike lekte út dat it kabinet de coronamaatregels op 21 april ferromje woe. "Dat is nog net te vroeg", seit de wurdfierder. Der wurdt pas fersoepele as de pyk fan de tredde coronaweach west hat.

Saakkundigen huverich

Tal fan saakkundigen seine dizze wike al huverich te wêzen foar rappe ferrommingen. De besmettingssifers yn Nederlân binne noch hieltyd heech. Snein wienen yn hiel Nederlân 8.288 nije coronagefallen en der lizze hast 2.500 coronapasjinten yn de sikehûzen. Dy sikehûzen ha de kapasiteit fan de intensive care ek útwreide. Dêrtroch moatte in protte sikehûzen ek de oare soarch wer ôfskale.

De ferrommingen dy't op 28 april mooglik komme, binne de iepening fan de terrassen en it skrassen fan de jûnsklok. Der wurdt ek neitocht oer it diels iepenjen fan it heger ûnderwiis en winkels mear iepen te stellen.

Tiisdei jouwe premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge in parsekonferinsje wêryn't se útlizze hoe't it krekt fierder giet. Dy parsekonferinsje is live by Omrop Fryslân te folgjen op radio en online.

(Advertinsje)
(Advertinsje)