Tredde fan fiif konteners Baltic Tern burgen

11 apr 2021 - 21:42

Trije fan de fiif konteners dy't woansdei 7 april oerboard sloegen fan it kontenerskip Baltic Tern, binne terjochte. It bergingsskip Friendship fan Skylge hat de tredde kontener op de boaiem fan de Noardsee fûn. In kontener mei aseton en ien mei brûkte bakoalje wienen earder al burgen.

Bylden fan de tredde kontener:

Dizze tredde kontener wie al sonken en is troch de bemanning fan de Friendship oan dek takele. De kontener wie sawat leech, omdat er yn twa stikken brutsen is. Yn de kontener ha houten pallets sitten. Wat der fan de kontener oer wie is sneontenacht nei de haven fan Skylge brocht.

'Gjin bakoalje en aseton yn it wetter'

De kontener mei aseton dy't freed al fûn wie mar op see net burgen wurde koe, is sneon troch in sleepboat nei de Eemshaven sleept. Dêr wie earder ek al de kontener mei brûkte bakoalje hinne brocht. Rykswettersteat is bliid dat fan beide stoffen sa't it no liket neat yn it wetter bedarre is.

De tredde kontener dy't burgen is - Foto: Laura Conijn / ProNews

Trije fan de fiif oerboard sleine konteners binne no terjochte. Yn de twa dy't noch yn it wetter lizze, sitte neffens Rykswettersteat rollen papierfezel. Moandei wurdt fierder socht.

MSC Zoe, doe ien fan de grutste kontenerskippen fan de wrâld, ferlear goed twa jier lyn 342 konteners boppe de Waadeilannen. In jier letter gong it mis mei de OOCL Rauma, dat sân konteners ferlear boppe Skylge en It Amelân. En dizze wike rekken ferskate kontenerskippen yn de problemen, lykas de Escape en de Baltic Tern. Sjoch foar al it nijs dêroer op ús dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)