SC Hearrenfean wint foar it earst yn hast fiif jier fan FC Groningen

11 apr 2021 - 21:43

Foar it earst sûnt oktober 2016 hat Sportklup Hearrenfean de noardlike twastriid fan FC Groningen wûn. It waard 0-2 troch in rake strafschop fan Henk Veerman en in treffer fan Tibor Halilovic nei in knappe oanfal.

Hearrenfean fiert de 0-1 - Foto: Orange Pictures

Yn de earste helte hie FC Groningen in lyts oerwicht, al kaam Hearrenfean der wol ferskate kearen út. Yn de tsjinoanfal lei der geregeld in soad romte, mar dêr makken de Friezen net altyd like goed gebrûk fan. Ien kear moast Grins-doelman Sergio Padt wol serieus yn aksje komme. Mei syn fingertoppen koe er in skot fan Henk Veerman noch krekt ta hoekskop ferwurkje.

Minder dreech hie Padt it mei de ynsetten fan Tibor Halilovic en Mitchell van Bergen. Oan de oare kant fan it fjild wie de grutste kâns foar Alessio da Cruz. Doelman Erwin Mulder en ferdigener Ibrahim Dresevic koene tegearre foarkomme dat Grins op foarsprong kaam. Earder hie spits Strand Larsen al in flinke kâns krigen, mar hy skeat fan tichtby oer.

Nei it skoft wie de earste kâns foar Patrick Joosten, dy't kâld yn it fjild stie. Hy seach dat syn ynset ek tsjinholden waard troch Mulder. Dêrnei naam Hearrenfean mear en mear it inisjatyf. Padt kearde twa kear in skot fan Joey Veerman en letter ek ien fan Lasse Schöne.

Strafskop nei ûnhandige oertreding

Tweintich minuten foar tiid krige Hearrenfean in strafskop, nei in ûnhandige oertreding fan Gudmundsson by it útferdigenjen. Hy luts Sherel Floranus nei de grûn, flak binnen it sechstjinmetergebiet. Skiedsrjochter Dennis Higler tocht earst dat it derbûten wie, mar nei it bestudearjen fan de bylden wiisde er dochs nei de stip. Henk Veerman skeat Hearrenfean op 0-1 fanôf alve meter.

Doe brocht FC Groningen Arjen Robben yn it fjild, mar de fedette koe yn syn tredde wedstriid fan it seizoen it ferskil ek net meitsje foar de Grinzers. Sterker; Hearrenfean kaam nei in knap útspile oanfal sels op 0-2. Joey Veerman sette de oanfal op, yn de buert fan de middenline. Hy joech de bal oan Schöne, krige 'm werom oan de linkerkant en sette foar op Halilovic. Tusken twa ferdigeners yn wie de Kroäat as earste by de bal.

Earste oerwinning sûnt oktober 2016

It is de earste oerwinning fan Hearrenfean op Grins yn hast fiif jier. Seis fan de lêste sân wedstriden einigen yn in lykspul, de oare waard wûn troch Grins. De lêste oerwinning fan Hearrenfean wie op 15 oktober 2016.

Lêste wedstriden tusken Hearrenfean en Grins

21/02/2021 SC Hearrenfean FC Groningen 1 - 1
27/10/2019 SC Hearrenfean FC Groningen 1 - 1
14/04/2019 SC Hearrenfean FC Groningen 1 - 1
11/11/2018 FC Groningen SC Hearrenfean 2 - 0
08/04/2018 SC Hearrenfean FC Groningen 1 - 1
13/08/2017 FC Groningen SC Hearrenfean 3 - 3
29/01/2017 SC Hearrenfean FC Groningen 0 - 0
15/10/2016 FC Groningen SC Hearrenfean 0 - 3

Troch de oerwinning komt Hearrenfean op 37 punten út 29 wedstriden. Dat binne likefolle punten as FC Twente en binne twa minder as Heracles. Dy ploech stiet achtste en dat plakje jout oan de ein fan it seizoen rjocht op dielname oan de play-offs om Europeesk fuotbal.

Oer twa wiken spilet Hearrenfean thús tsjin PEC Zwolle. By dy wedstriid mei ek publyk wêze, by wize fan proef.

FC Groningen - SC Hearrenfean 0-2 (0-0) 71. Henk Veerman 0-1 (strafskop), 87. Tibor Halilovic 0-2

Opstelling SC Hearrenfean: Mulder; Floranus, Van Hecke, Dresevic, Kaib (46/Woudenberg); Schöne (87/Kongolo), De Jong (62/Hajal), J. Veerman; Van Bergen, H. Veerman, Halilovic

(Advertinsje)
(Advertinsje)