Auto ferskate kearen oer de kop op A32 by It Hearrenfean

11 apr 2021 - 15:57

By in ôfrit fan de A32 by It Hearrenfean is snein in auto ferskate kearen oer de kop rekke. Dat barde nei in iensidich ûngelok. Twa minsken binne ferwûne rekke.

Foto: ProRené Wiegmink / ProNews

It ûngelok barde by de ôfrit It Hearrenfean-Súd, nei't de bestjoerder yn de berm bedarre wie. Dêrnei sloech de auto neffens omstanners ferskate kearen oer de kop.

Twa ambulânses binne teplak kaam om help te ferlienen. De bestjoerder en in oare ynsitter binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Hoe't sy deroan ta binne, is net bekend. De oprit nei de A32 wie in skoftke ticht.

Trefwurden: 
ûngelok It Hearrenfean A32
(Advertinsje)
(Advertinsje)