Tal nije besmettingen yn Fryslân ûnder trochsneed, lanlik mear as 8.000

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 182 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne 41 minder as in dei earder, doe wiene it der 223. De ôfrûne wike binne der yn trochsneed alle dagen 208 nije besmettingen by kaam. In wike lyn lei dat gemiddelde op 222.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Ljouwert (32). Dêrnei komme Smellingerlân (25) en Súdwest-Fryslân (25).
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der wurde wol twa nije sikehûsopnamen yn ús provinsje meld. Dat giet om twa ynwenners fan Súdwest-Fryslân.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne snein 8.288 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike 6.964 deis.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.