Winkeldief besiket út te naaien en smyt klûs yn it wetter by Harns

De plysje yn Harns krige sneintemiddei in melding fan in fertochte situaasje yn Harns. In man soe him tusken it grien yn de Harnzer Bosk ferstopje. Neffens in tsjûge hie de man in grut wyt foarwerp yn it wetter smiten. Letter die bliken dat der by in winkel yn de stêd ynbrutsen wie en dat it wite foarwerp in klûs wie.
© Wijkagent Bruinsma (Facebook)
Nei in syktocht troch de wyk koe de plysje de fertochte oanhâlde. Der is oanjefte dien fan ynbraak en de plysje docht ûndersyk nei de saak.