Nyck de Vries falt yn slotronde út en pakt wer gjin punten

11 apr 2021 - 14:23

Autokoereur Nyck de Vries hat snein op 'e nij de finish net helle yn de Formule E. Yn Rome begûn de racer fan Snits op it 17e plak. Hy kaam yn de buert fan de top tsien, wat him punten opsmite soe, mar yn it lêste rûntsje kaam er yn oanfarring mei Sam Bird.

Foto: Orange Pictures

De Vries like krekt bûten de punten te einigjen, mar troch in crash flak foar de ein fan de race, kaam de safety car yn de baan. Dat soarge derfoar dat de ferskillen wer in stik lytser waarden. Doe't de safety car de baan ferliet, wie der noch ien rûntsje te riden. Dêryn sette De Vries alles op alles, mar hy naam krekt wat te folle risiko en helle de finish net.

Syn Belgyske ploechgenoat Stoffel Vandoorne die it better: hy wûn de race. Vandoorne begûn as fjirde, mar drukte him al fluch nei foaren. Hy gong al rap de nûmers trije, twa en ien foarby. Alexander Sims en Pascal Wehrlein waarden twadde en tredde.

Sneon net oan de finish

It wie de twadde wedstriid fan dit wykein yn Rome. In dei earder helle De Vries de finish net, nei't syn auto skea oprûn by in crash fan syn ploechgenoat Stoffel Vandoorne. Earder dit seizoen pakte De Vries de oerwinning yn de iepeningsrace. Trochdat De Vries no twa wedstriden op rige net yn de punten einige is, sakket er fuort út de top fan it klassemint. Hy stiet no fiifde, mei 32 punten.

Oer twa wiken binne de fiifde en sechsde race fan it seizoen. Dan is de Formule E yn Valencia.

(Advertinsje)
(Advertinsje)