Tredde kear EK-goud foar roeister Clevering: "Spannender as oars"

11 apr 2021 - 20:04

Roeister Ymkje Clevering fan Haulerwyk is foar de tredde kear op rige Europeesk kampioen wurden. Yn it Italiaanske Varese pakte se mei de fjouwer sûnder stjoerfrou de titel.

Krekt foar it Europeesk Kampioenskip yn Varese, Italië - Foto: Merijn Soeters

De lêste twa kear waarden se ek Europeesk kampioen. Elisabeth Hoogerwerf, Karolien Florijn, Veronigue Meester en Clevering wûnen freed de heat en giene as favoryt de finale yn. Se pakten nei de earste 500 meter fuort in heale sekonden foarsprong. Nei 1.500 meter hiene se dy foarsprong útwreide en wie de foarsprong 1,69 op de nûmer twa op Ierlân.

"Ik fûn it hiel spannend yn it foar, dizze kear", sei Clevering. En dat wie dus net foar neat. "De Ieren hienen behoarlik wat snelheid, dat hie ik wol yn 'e gaten. It wie ek spannend dat we se pas yn de finale troffen. Gelokkich wie it mar 2.000 meter. As it 2.100 meter west hie, dan wie it wol hiel spannend wurden. En it wie al spannender as oars, want de foarige kear leinen we bêst in ein foar. No wie it mar in lytse meter."

Ymkje Clevering oer de spannende finale

Nederlân moast in bytsje bystjoere, om't se tichtby de boeien kamen. Ierlân sette rjochting de finish de sprint yn en kaam tichtby. Nederlân pakte de winst mei 0,45 sekonde foarsprong op nûmer twa Ierlân. Grut-Brittannië waard op hast fjouwer sekonden tredde.

No is Clevering dus trije kear op rige Europeesk kampioen. De earste titel bliuwt wol it moaist. "De earste kear dat je goud mei nei hûs nimme is dochs wol hiel bysûnder."

Sulver foar Jorritsma

Aletta Jorritsma fan Tsjummearum pakte sulver mei de Holland Acht, achter Roemenië. De Roemenen wiene yn de heat ek al de rapsten, foar Nederlân. De Roemenen pakten yn it begjin fan de finale in lytse foarsprong en bouden dy stadichoan út. Op de finish hiene se trije sekonden foarsprong op Nederlân.

Efter de Holland Acht wie der lykwols gjin druk. Ruslân waard op fiif sekonden fan Nederlân tredde. Ferline jier waard Nederlân krekt efter Dutslân tredde. Dútslân waard no fiifde.

Van der Bij fjirde

Jan van der Bij fan Aldegea (Sm.) waard fjirde mei de fjouwer sûnder stjoerman. Ferline jier pakten se de Europeeske titel, mar die Grut-Brittanje net mei. It siet oan it begjin fan de race ticht byinoar. Nei in kwart hie Nederlân fiif hûndertsten foarsprong op de Britten. Nei de helte fan de race pakten de Britten lykwols in pear meter foarsprong en dy joegen se net mear fuort. Nederlân hie hieltyd in lytse foarsprong op de Roemenen. Mar se seagen oan de ein dat de Roemenen en de Italianen oer Nederlân hinne giene en Nederlân fjirde waard.

(Advertinsje)
(Advertinsje)