PvdA Noardeast-Fryslân ferbjustere oer tekoart: "Kolleezje net yn kontrôle"

11 apr 2021 - 12:16

De PvdA-fraksje fan Noardeast-Fryslân reagearret tige kritysk op it nijs dat it kolleezje te krijen hat mei in tekoart fan 7,7 miljoen euro en dat der flink besunige wurde moat. De PvdA is ferbjustere en tinkt dat it kolleezje - dat bestiet út CDA, FNP, S!N, CU en VVD - net 'in control' is. De fraksje skriuwt oer 'geklungel' en is benijd oft der net mear liken yn de kast sitte.

Argyffoto fan de ried fan Noardeast-Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Ben de Jager

De PvdA is ek kritysk op it ynhieren fan wer in djoer ekstern buro, dat net iens oanbefellingen dien hat foar needsaaklike ferbetteringen yn it belied. De fraksje freget him bot ôf oft dit net gefolgen hawwe moat foar de koälysje. Neffens de partij moat der politike ferantwurdlikens naam wurde.

"Onze PvdA-fractie vindt het schokkend dat het college onder andere 40.000 vierkante meter wegdek is 'vergeten', evenals een paar duizend lantaarnpalen," sa skriuwt de fraksje. It weidek moat ûnderhâlden wurde en lantearnepeallen ferfongen, mar de fraksje freget him ôf wa't dit no betelje moat.

Skoalstriid

De PvdA is ek net tefreden oer it geharrewar oer it húsfestjen fan it ûnderwiis yn de gemeente. Guon partijen meitsje neffens de PvdA al ûnderskied tusken kristlik en iepenbier ûnderwiis wat it behâld en útbouwen oanbelanget.

De fraksje seit mei foarstellen te kommen om in oar belied om diken en gebouwen hinne op te setten. Earst komme de minsken, dan de gebouwen, sa skriuwt fraksjefoarsitter Gryte Schaafstal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)