Opgroeie yn finzenisdoarp: ferhalen fan ûntsnappingen en nuverlingen

11 apr 2021 - 11:12

Berne wurde yn in finzenis; dat bart net in soad minsken. De 81-jierrige Clemens van den Brink fan Easterwâlde kaam krekt foar de Twadde Wrâldoarloch te wrâld yn Veenhuizen. Syn heit wie fan 1938 oant 1946 oppasser yn de finzenis op de grins fan Drinte en Fryslân. De earste oantinkens fan Van den Brink binne fan mishannelingen fan finzenen, om't de Dútsers tochten dat der ûnderdûkers sieten. Mar ek de winkelman en de bakker wit er him noch goed yn 't sin te bringen.

Syn jongste jierren brocht Van den Brink troch yn it finzenisdoarp en dêrnei ferhuze de famylje nei in pleats krekt bûten Veenhuizen. Trije boeken binne der yntusken fan syn hân kaam mei ferhalen oer de skiednis en barrens yn Veenhuizen.

Tsientallen oppassers hawwe ferteld wat sy allegearre belibbe hawwe, fan jong oant âld. Oant 1985 wie Veenhuizen in echt finzenisdoarp, dêr't eins allinnich mar feroardielden en amtners (oppassers) wennen. Ea begûn it as earmekoloanje foar 'paupers', mar stadichoan waard it mear in finzenis.

Finzenis yn oarlochstiid

Doe't Clemens berne waard wie it al in echte finzenis en dan ek noch yn oarlochstiid. De earste oantinkens yn syn libben binne fan lange rigen manlju dy't yn finzenispakken nei de binnenpleats giene of nei it lân om te wurkjen. Ek de bakker wit hy noch goed. Dêr krige hy altyd in kreakeling. Mar ek de mishanneling fan finzenen seach hy, dat hat in net út te wiskjen yndruk makke. "De gruwelen gaan nog over mijn rug als ik daar aan terugdenk."

Clemens van den Brink oer Veenhuizen

Ek waard lytse Clemens in kear troch in finzene de sel ynlutsen troch in rút. Mem rêde him, mar der barden dochs wolris aaklike dingen. In jonkje waard ea fermoarde troch in finzene. Dochs wie it hiel gewoan om yn Veenhuizen te wenjen doedestiids. It wie suver saai, fertelt de 81-jierrige Van den Brink.

Foto: Clemens van den Brink

Heit fertelde noait wat oer syn wurk. Dy hie in hekel oan Veenhuizen. De ferhalen yn de boeken fan Van den Brink komme allegearre fan oare boarnen. Benammen oppassers mar ek in inkelde eks-detinearde. Echte geheimen fertelle se net, mar wol ferhalen dy't in byld sketse fan it libben yn Veenhuizen. Mei spektakulêre ûntsnappingen en nuvere apartelingen.

Kriminelen

It binne net allinnich mar de drankriders dy't yn Veenhuizen sieten. Ek swiere kriminelen ferbliuwe (ek no noch) yn de finzenis. Sa hat topkrimineel Willem Holleeder der in skoft sitten en ek Cor van Hout. Oer Holleeder fertelt Van den Brink net al te folle. "Hij leeft nog en heeft een lange arm", seit de skriuwer laitsjend. Wol wit hy dat de mannen behoarlik mear privileezjes hiene as oaren.

Foto: Simone Scheffer

Van den Brink skreau no syn tredde boek: Veenhuizen van onder de pet. Oft it ek it lêste wurdt? Dat is de fraach, mar dit boek is der omdat Van den Brink graach wol dat de ferhalen bestean bliuwe en opskreaun binne foar't der net ien mear is dy't it noch fertelle kin.

Eardere boeken binne De geheimen van bajesdorp Veenhuizen en Bajesverhalen Veenhuizen. Van den Brink hat in eigen webside mei ynformaasje oer Veenhuizen: www.bajesverhalen.nl

Foto: Simone Scheffer
(Advertinsje)
(Advertinsje)