WEROMBLIK: De tongblierútbraak yn Fryslân yn 2001

11 apr 2021 - 08:02

It jier 2001 stie yn it ramt fan de tongblierkrisis. De earste útbraak fan de besmetlike feesykte wie dat jier yn Ingelân. Letter waarden ek de Feluwe en Fryslân troffen, mei de dea fan tûzenen bisten ta gefolch.

Hamsterjen en thúsûnderwiis yn it nijs fan Omrop Fryslân op 22 maart 2001:

Wat foarôfgie

As der op 20 febrewaris 2001 yn Ingelân de feesykte tongblier ûntdutsen wurdt, geane ek yn Nederlân de alarmbellen ôf. It firus dat tongblier feroarsaket is tige besmetlik foar kij, bargen, skiep en geiten. Lânbouorganisaasje LTO advisearre greidboeren al gau om it ferfier fan fee safolle mooglik te beheinen.

Heal maart 2001 kamen der meldingen fan tongblier yn it noardlik part fan de Feluwe en Oerisel. Der jilde al in lanlik ferfiersferbod foar fee, dong, feeweinen en sperma. By de tagong ta boerebedriuwen en oare ynstellingen ferskynden ûntsmettingsmatten en bakken mei ûntsmettend sitroensoer.

Ek it transport fan molke en feefoer waard tydlik stillein. Ut supermerken kamen berjochten oer it hamsterjen fan suvel en fleis. Boerebern bleane út foarsoarch thús fan skoalle: ûnderwizers brochten it skoalwurk yn de brievebus.

Tongblier yn Fryslân

Op 11 april 2001 die bliken dat it firus ek yn Fryslân wie. Der waard in gefal fan tongblier fêststeld op in melkfeebedriuw yn Ie. Ek op in pleats yn Eanjum dûkte in swiere fertinking op en in dei letter waard it twadde tongbliergefal offisjeel bekendmakke.

It betsjutte dat al it fee fan dizze twa pleatsen en dat yn in straal fan twa kilometer yn de omjouwing romme wurde moast, om de fersprieding fan it firus de kop yn te drukken.

Op 11 april 2001 waard der in gefal fan tongblier fêststeld op in molkfeebedriuw yn Ie:

Ie en Eanjum ôfsletten fan de bûtenwrâld

De plysje sette de tagongswegen nei it gebiet ôf: allinnich bewenners mochten by de kontrôle- en ûntsmettingsposten del. De RVV, de Rijksdienst voor de keuring van Vee en Vlees, kaam om de bisten yn it tafersjochgebiet previntyf te romjen. It giet om in inkelde tûzenen bisten.

Bisten mei tongblier, yn it Hollânsk 'mond- en klauwzeer' (mkz), krije koarts en blierren yn de bek, op de poaten en it jaar. Benammen by kij kin de sykte slim ferrinne, mar it firus is net yn alle gefallen deadlik, en it is net skealik foar minsken. Oant 1991 waard fee yninte tsjin tongblier, mar dat waard troch de Europeeske Uny ferbean om't it fleis dan net mear eksportearre wurde koe.

Omrop Fryslân melde op 12 april 2001 dat der al ûntsmettingsposten ynrjochte wiene:

Besjoch op Weromrop de nijsútstjoeringen fan 11, 12, 13 en 14 april 2001 oer de earste dagen fan de tongblierútbraak yn Fryslân.

Ferset tsjin it romjen fan sûne kij

Fan hieltyd mear kanten kaam de rop om aksje tsjin it non-faksinaasjebelied. It romjen fan sûn fee moast ophâlde, sa fûnen hieltyd mear minsken. Yn Dongeradiel waard heal april 2001 de aksjegroep 'Ent Europa' oprjochte, dy't in heal miljoen hantekeningen tsjin it romjen sammele.

Yn juny 2003 kaam it ta in nije Europeeske rjochtline: by nije útbraken wurde needfaksinaasjes tastien. Dat betsjut dat de bisten yn in gebiet om it besmette bedriuw hinne faksinearre en net ôfmakke wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)