Flater yn Waterkaarten-app: snelfarre op Burgumer Mar dêr noch tastien

11 apr 2021 - 07:54

Neffens de Waterkaarten app leit der yn de Burgumer Mar in snelfargebiet, wylst dy op dit stuit net bestiet. De app wurdt in soad brûkt yn de wettersport en krijt stipe fan de ANWB. De app lit in strook sjen dêr't oerdeis gjin snelheidsbeheiningen foar snelle motorboaten binne, mar dy binne der dus wol. Om it snelfarren yn de Burgumer Mar hat in soad te dwaan west. Yn july 2019 is in pilot foartidich stopset, dêr't yn augustus fan dat jier ek de rjochter it foarearst mei iens wie.

Foto: Waterkaarten Nederland

De wettersportferiening fan de Burgumer Mar kaam al efter de flater yn de app. "De eerdere proefopstelling is vanwege de corona pandemie afgebroken en een tweede proef is (nog) niet aangekondigd. Foutieve informatie dus op een betaalde app van de ANWB," skriuwt de feriening.

Provinsje Fryslân woe yn 2020 wol in nije proef mei snelfarre op de Burgumer Mar, dêr't saken yn oanpast wurde soene. Mar dêr is dus noch neat fan kaam. Plannen om it snelfarren wer mooglik te meitsjen wiene der al yn 2017, mar sûnt dy tiid is der ek al geharrewar oer. Guon natuerorganisaasjes en pleatslik belangen wiene tsjin, wylst ûndernimmers en de provinsje it eins wol woene.

(Advertinsje)
(Advertinsje)