Kemping mei boekingskiosk

20 jul 2012 - 12:23

Gasten fan kemping Skûlenboarch by Hylpen hoege net mear nei de resepsje om in fakânsje te boeken. By de kemping stiet in boekingskiosk dêr't alle oeren fan de dei in oernachting te boeken is.

Sokke boekingskiosken wurde al langer brûkt yn hotels of by jachthavens, mar foar kempings is it nij. Troch de boekingskiosk kin de kemping besunigje op de leankosten. De earste ûnderfinings mei de boekingskiosk binne posityf. Fan gasten krijt de kemping meast positive reaksjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)