Aris Ljouwert yn fjirde kwart ûnderút tsjin BAL

10 apr 2021 - 21:53

Aris Ljouwert hat sneontejûn it kompetysjeduel mei Basketball Academie Limburg út Weert ferlern. De besikers wiene mei 72-57 te sterk. Aris bliuwt troch de nederlaach op it dield lêste plak yn de ferliezerspûl stean. Giannis Dimakopoulos wie mei fyftjin punten de topskoarer oan de kant fan Aris.

Foto: Omrop Fryslân, Eric Ennema

De Ljouwerters begûnen noch wol goed oan de wedstriid. Nei it earste kwart stie der in 16-8 foarsprong op it skoareboerd. Yn it twadde kwart wie it krekt de thúsploech dy't muoite hie om te skoaren. Dêrtroch koene de Limboargers weromkomme en giene se sels by it skoft oan de lieding: 25-31.

It tredde kwart wie dan mei 19-15 wer foar Aris, wêrtroch't it fjirde kwart úteinlik de trochslaan jaan moast. BAL hie yn dat kwart it measte oer en pakte úteinlik noch frij rom de oerwinning: 57-72.

De wedstriid tsjin BAL wie de foarlêste thúswedstriid yn de kompetysje foar Aris. Op 17 april spylje de Ljouwerters noch in útwedstriid tsjin Almere Sailors en op 22 april is dan de lêste wedstriid tsjin The Hague Royals. Dêrnei folget noch it bekertoernoai, wêryn't Aris it yn de earste ronde wer opnimme moat tsjin Den Haag.

(Advertinsje)
(Advertinsje)