Keunstwurk fan Jentsje Popma keazen as nij logo foar Stichting Nijkleaster

10 apr 2021 - 21:51

Stichting Nijkleaster hat in nij logo: it keunstwurk De Hynsteblom fan Jentsje Popma. De stichting, dy't plannen hat foar in eigen kleaster by Jorwert, hat sûnt 2013 goeie bannen mei Popma. De keunstner skonk syn atelier en talleaze keunstwurken oan Nijkleaster. Yn de syktocht nei nije wizen om út te dragen wêr't de stichting foar stiet, foel it each op it keunstwurk út 1963. Yn in nije ynterpretaasje, dêr't de trije sirkels yn de Hynsteblom in sintrale rol spylje.

Keunstwurk fan Jentsje Popma keazen as logo foar Stichting Nijkleaster

Dûmny Hinne Wagenaar fan Nijkleaster hellet in soad ynspiraasje út de gedachten fan Simon Sinek, in Britsk-Amerikaanske motivational speaker dy't bekend is fan speeches oer hoe't je oars libje kinne. "We begûnen nei te tinken oer wat ús wêzen is. Sinek seit altyd dat je tinke moatte út it midden wei, it wêzen fan je bestean. Doe seagen wy dat we sa'n sirkel dêr't Sinek it oer hat, sels ek hawwe. De Hynsteblom fan Popma."

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Jentsje Popma hat in soad ynfloed hân op Nijkleaster, mei syn skinkingen mar ek mei de oandacht dy hy generearre foar de stichting. "Dat hy him ferbûn hat oan Nijkleaster, hat ús enoarm holpen. Hy sjocht de betsjutting foar in plak fan stilte, besinning en ferbining", leit Wagenaar út. Popma sels fynt it dreech om te fertellen wat Nijkleaster foar him betsjut. De lêste tiid lit syn geheugen him troch de leeftiid, hy is 99 jier, in bytsje yn de steek.

Jan Henk Hamoen, bestjoerslid fan stichting Nijkleaster, wit noch wol goed hoe't dy earste kontakten tusken de twa partijen wiene: "Hij was zeer begaan met mensen, ook uit zijn eigen omgeving, die het moeilijk hadden en vastliepen. Dat versterkte bij hem het gevoel dat er ook in onze hectische en drukke samenleving een plek moet zijn waar die mensen naartoe kunnen."

Jentsje Popma en Jan Henk Hamoen - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Mei it nije logo is ek it Jentsje Popma-jier lansearre. Popma hopet dit jier 100 jier âld te wurden. Dêrom wol de stichting dit jier ekstra omtinken generearje foar it wurk fan de keunstner. Neist de ûntbleating fan it nije logo, sil der ek in eksposysje holden wurde mei Popma syn wurk en komt der in boek oer syn keunst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)