Nyck de Vries rekket út race nei crash fan ploechgenoat

10 apr 2021 - 16:55

Autokoereur Nyck de Vries hat de finish fan de Formule E-race yn Rome net helle. Mei noch fiif minuten oant it lêste rûntsje crashte De Vries syn ploechgenoat Stoffel Vandoorne. Dy ried flak foar De Vries, dy't troch de crash ek skea oprûn.

Nyck de Vries yn Rome - Foto: Orange Pictures

De Vries begûn as sânde oan de race yn Rome. Syn Belgyske ploechgenoat Vandoorne hie poleposition. De race ferrûn oanfanklik goed foar De Vries. Hy wûn in pear plakken en lei sels hiel even oan kop. Dat koe er net fêsthâlde, mar hy ried noch wol yn de punten.

Oant Vandoorne crashte dus. De Vries koe de auto fan Vandoorne foar in grut part ûntwike, mar net hielendal. In bocht letter parkearre De Vries syn Mercedes.

De winst yn de tredde race fan it seizoen gong nei Jean-Éric Vergne út Frankryk, foar Sam Bird en Mitch Evans.

De Vries is kopposysje kwyt

De Vries wûn de earste race fan it seizoen noch en gong oant sneon ek oan kop yn it klassemint. Dy is er no kwytrekke oan Bird. De Vries leit no tredde, mei 32 punten.

Sneintemiddei is race 4, opnij yn Rome.

(Advertinsje)
(Advertinsje)