Tal nije coronabesmettingen boppe trochsneed, ek ien stjergefal

10 apr 2021 - 17:32

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der 223 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. It is ien minder as freed. De ôfrûne wike binne der yn trochsneed alle dagen 209 nije besmettingen by kaam. In wike lyn lei dat gemiddelde op 234.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (28). Dêrnei komme De Fryske Marren (25), Hearrenfean (20) en Noardeast-Fryslân (20).

Yn Fryslân is yn de ôfrûne 24 oeren ien stjergefal meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om in ynwenner fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

Der wurdt ek ien nije sikehûsopname yn ús provinsje meld. Dat is ek in ynwenner fan Súdwest-Fryslân.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne sneon 7.725 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed wiene it der yn de ôfrûne wike 6.770 deis.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

(Advertinsje)
(Advertinsje)