Persoan omkaam nei ûngelok by fiadukt Boarnsweach
By in fiadukt op de Tramwei by Boarnsweach, tusken De Jouwer en Snits, is sneontemiddei in persoan om it libben kaam. Neffens de plysje is der gjin sprake fan in misdriuw.
De plysje hat forinsysk ûndersyk dien om in misdriuw út te sluten.