Datums foar ticketferkeap Oerol bekendmakke

De organisaasje fan it Oerolfestival hat de datums fan de ticket-foarferkeap bekend makke. Op 28 maaie set de ferkeap fan kaarten foar foarstellingen útein, foar de freonen fan Oerol al op 26 maaie. Op 10 maaie kinne de tagongsbantsjes kocht wurde (foar freonen 6 maaie).
© Shutterstock.com (Hems Zwier)
It festival komt der wol oars út te sjen en der kinne minder minsken nei foarstellingen. Maksimaal 50 de foarstelling.
De fergunningsoanfraach is foar de ynwenners fan Skylge fan ôfrûne freed ôf yn te sjen op it gemeentehûs. Siart Smit, direkteur fan it festival fynt dat in heuchlik momint, al bliuwt it ûnwis hoe't de situaasje him ûntwikkelet wat it coronafirus oanbelanget. As der by de oerheid wei strangere maatregels binne yn juny, kinne saken noch oars organisearre wurde moatte.