Roeier Jan van der Bij pleatst him foar finale op Europeesk kampioenskip

10 apr 2021 - 13:42

Roeier Jan van der Bij fan Aldegea (Sm.) hat him pleatst foar de finale op it Europeesk kampioenskip. Mei de fjouwer sûnder stjoerman waarden se earste yn harren heale finale. Snein is de finale.

Krekt foar it Europeesk Kampioenskip yn Varese, Italië - Foto: Merijn Soeters

Yn it Italiaanske Varese pakten sy fuort de lieding en it like der op dat se mei gemak en op grutte ôfstân de heale finale winne soene, mar yn de lêste meters kamen trije boaten noch hiel tichtby. De earste trije giene troch, mar Nederlân hâlde de foarsprong op de nûmer twa Roemenië mei mar 27 hûndertsten ferskil. Poalen waard tredde, Switserlân foel krekt bûten de boat.

Yn de oare heale finale wie Grut-Brittannië hiel sterk en wiene yn de tiid ek wat flugger as Nederlân. Van der Bij waard ferline jier Europeesk kampioen, mar doe die Grut-Brittannië net mei.

Snein binne de finalen. Ymkje Clevering roeit dan ek yn de finale yn de fjouwer sûnder stjoerfrou. Aletta Jorritsma docht itselde yn de Holland Acht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)