Tolvetal boeren hâldt protest op It Hearrenfean foar hegere molkpriis

In tolvetal boeren protestearret sneon by it distribúsjesintrum fan de Lidl op It Hearrenfean. Sy wolle mei de direksje fan it bedriuw yn petear oer de prizen dy't sy krije foar harren produkten. Se fine it gat tusken de priis dy't sy krije en de priis dy't yn de winkel betelle wurde moat te grut.
© Omrop Fryslân, Alle Faber
De aksje is gemoedlik, seit boer Koos van der Zee. "Dat besykje wy ek sa te hâlden." De boeren blokkearje de boel net. "Wy geane goedskiks, kweaskiks kin altyd noch. Wy wolle dat it petear loskomt. Gewoan in kear om tafel no. Wy wurde útmolken troch de supermerken. De boer krijt no 33 sint de liter, en yn de supermerk is it mear as 1,18 euro. It ferskil is grut en dat ferskil bliuwt by de supermerk. Ferline jier hawwe wy in plan makke foar in better fertsjinmodel, mar dat bliuwt mar yn it laad lizzen."
De boeren easkje dat de direksje nei it Hearrenfean komt. "De direksje wol him net sjen litte. Wy hawwe efkes kontakt hân," seit Van der Zee. De boeren hawwe oanjûn dat sy letter op de dei nei in oare lokaasje ride. Wêr dat is, wolle sy noch net sizze.
Boer Koos van der Zee