Smelne's Erfskip hâldt filmjûn oer Drachtster befrijing

Yn de biblioteek fan Drachten is tiisdeitejûn in film en in lêzing oer de befrijing fan Drachten op 14 april 1945. Fan de dagen om de befrijing binne yn 't geheim bylden makke troch in banketbakker fan doe. Histoaryske feriening Smelne's Erfskip fersoarget in spesjale jûn by de bylden.
© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
"Wy hawwe fan Smelne's Erfskip der in presintaasje omhinne makke mei foto's en kaartsjes, fan it momint dat de Kanadezen de Rijn oer lûke en troch it easten nei it noarden ta geane," fertelt Jan van Zinderen fan de feriening. "Op it momint dat se oant Drachten ta binne, begjinne wy mei it draaien fan de film. As dy dien is geane wy wer fierder mei de Kanadezen dy't fia Drachten, Koatstertille en Noardburgum nei Dokkum ta ride."

Bylden fan de banketbakker

De bylden binne makke troch Engbert Gerrit van der Meulen (1897-1961), doe banketbakker. "Dat wie de skoanheit fan Roel Oostra, dy't direkteur fan De Lawei wie. Van der Meulen filmde in protte, dêr is noch in soad fan bewarre bleaun."
Op de dei foar de befrijing wie Drachten benaud dat de Dútsers de haadbrêge opblaze soene, fertelt Van Zinderen. "Alle winkels yn it sintrum fan Drachten wiene ôftimmere mei planken en buorden. Mar doe't it safier wie, wiene de Dútsers fuort. Sy hawwe de brêge net opblaasd. It ferset hat de dynamyt ûnder de brêge wei helle. Dus it is goed ôfrûn. Yn de film sjogge je ek dat de jûn dêrfoar al groepkes minsken yn it sintrum steane en mei-inoar prate oer it hoe en wêrom. Doe wiene de Dútsers al útnaaid."

Befrijing

Bakker Van der Meulen hat it allegearre fêstlein. "Je sjogge as earste de kondinsstreken fan de Amerikaanske of Ingelske fleantugen, bommewerpers dy't nei Dútslân fleagen om dêr te bombardearjen. Ek is der byld fan in Ingelske parasjutist dy't delkomt yn Drachten. Troch de ûndergrûnske wurdt hy op in motor meinaam nei in ûnderdûkadres. De Drachtsters steane yn it sintrum. De oare deis ride de Kanadezen oer de Noardkade nei it sintrum. Dêr wie in soad folk om se ta te jûchjen."
Jan van Zinderen fan Smelne's Erfskip