Oekraynske flechtlinge blaast jongereinôfdieling ChristenUnie nij libben yn

10 apr 2021 - 11:42

De ChristenUnie yn Fryslân krijt wer in jongereinôfdieling. Ien fan de inisjatyfnimmers is de 15-jierrige Yaroslava Tymts. Sy is as asylsiker útprosedearre en wachtet yn it azc fan Burgum op de útslach fan alle prosedueren. Yn oparbeidzjen mei Tjidsger David Spinder en Maaike Delfsma hat se PerspectieF, de jongereinôfdieling fan de ChristenUnie nij libben yn blaasd.

Oekraynske flechtlinge blaast jongereinôfdieling CU nij libben yn

It binne gjin maklike tiden foar Yaroslava. Der is spanning oer de mooglike útsetting en yn it azc dêr't sy no wennet hat krekt in grutte corona-úbtraak west. Op de freed fan it ynterview mei sy einliks wer nei skoalle ta, it kristlik gymnasium yn Ljouwert, Beyers Naudé. "De wifi in het azc is niet altijd even goed. Het beeld stoorde wel eens. Van de uitbraak zelf heb ik geen last gehad. Die was aan de andere kant van het azc."

Polityk

Stilsitte is dreech foar Tymts. Doe't se yn it azc fan Sint-Anne siet, is sy lid wurden fan de jongereinried fan de gemeente Waadhoeke. "Ik ben altijd al geïnteresseerd in politiek. In de jongerenraad heb ik geleerd hoe een gemeente werkt." Njonken dit wurk jout se ek swimles yn Tytsjerksteradiel. Mar no folget dus in nije stap yn de polityk. "Samen met Tjidsger en Maaike zijn we opnieuw begonnen. We willen jongeren stimuleren mee te doen en te interesseren voor de politiek. Ze leren hoe Nederland geregeerd wordt."

Foto: Omrop Fryslan

Har motivaasje is opfallend. Al in oantal jierren driget útsetting. It hinget as in swurd fan Damocles boppe har famylje. "Ik vind dit leuk om te doen. Ik wil niet kijken naar de moeilijkheden maar positief blijven. Niet bij de pakken neer gaan zitten. Ik wil ook niet opgeven."

Leauwen

De kar foar de ChristenUnie wie ek net dreech: "Ik geloof in God en lees zelf ook de Bijbel. Bovendien voel ik mij echt thuis bij die partij. Ik kan mij vinden in de standpunten en het is een erg sociale partij met veel oog voor jongeren." Mei de twa oare bestjoersleden wol se no de kommende tiid fol oan de slach: "We hebben contact gehad met het oude bestuur en ook met het landelijk bestuur. We hebben er echt zin in om er wat moois van te maken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)