Autocross Kollum begjint donearaksje om holle boppe wetter te hâlden

10 apr 2021 - 11:08

Stichting Noordelijke Autocross Club yn Kollum hat in donearaksje opset, want troch it coronafirus stiet it wetter oan de lippen. It is al mear as oardel jier stil op it Van der Schaaf-sirkwy yn Kollum, by de buorskip Ter Lune. Troch de maatregels kinne der gjin wedstriden hâlden wurde en de finansjele buffer fan de organisaasje rint op syn ein. It ûnderhâlden fan auto's en it crossterrein kostet in soad jild, dêrom kinne minsken no in donaasje jaan om de klup oerein te hâlden.

Foto: Stichting Noordelijke Autocross Club Kollum

De klup hat trije jier lyn flink ynvestearre yn de baan, mar dizze kosten en de coronakrisis soargje derfoar dat it jild út de bûsen wei fljocht. De klup bestiet sûnt 1980 en neffens it bestjoer doe it tige spitich wêze as de stichting troch de coronakrisis ophâlde moat. Dêrom hat de stichting in aksje opset.

Kosten

Neffens NAC Autocross binne der tusken de 1.500 en 2.000 beteljende besikers nedich om út te kinnen, dêrom is in proefevenemint ek net in opsje. In wedstriiddei hat ek in soad nedich: fergunningen, it ynhieren fan trekkers om auto's fuort te slepen en EHBO-meiwurkers moatte betelle wurde. It giet boppdat om in djoere sport. In speedway racewein kostet al gau tusken de 5.000 en 50.000 it stik. En it ûnderhâld fan de racebaan en it terrein deromhinne kostet ek jild.

Meindert Acda fan Stichting Noordelijke Autocross Club yn Kollum

(Advertinsje)
(Advertinsje)