Petysje 'Aanvalsplan Grutto' yn twa dagen al 20.000 kear tekene

10 apr 2021 - 10:24

De online petysje om it regear op te roppen it Aanvalsplan Grutto op te nimmen yn it regearakkoart, is yn twa dagen 20.000 kear tekene. It giet om in plan fan ferskate natuerorganisaasjes om de skries te rêden. It plan is in inisjatyf fan âld-minister Pieter Winsemius, It Fryske Gea, de Friese Milieu Federatie en Vogelbescherming Nederland.

Foto: Shutterstock.com (SGR Wildlife Photography)

Neffens it plan moatte der tritich gebieten fan sa'n 1.000 bunder komme dêr't fol ynset wurdt op greidefûgels. Iepen greidegebiet mei in heech wetterpeil en krûdryk gerslân dêr't pas let meand wurdt, moat de fûgels mear stypje. Boeren soene foar agrarysk natuerbehear in goeie kompenaasje krije moatte. It plan koster 35 miljoen it jier: dat is twa euro de Nederlanner. Yn Fryslân soe it gean om tsien of alve gebieten.

In mearderheid fan de Twadde Keamer stipe yn febrewaris al in moasje om minister Carola Schouten fan Lânbou en Natuer te freegjen oan te jaan hoe't sy it plan útfiere wol. Yn 2020 waard it plan oanbean oan minister Schouten en de Keamer. It plan waard doe hertlik ûntfongen, mar in goede wize fan it finansierjen is net tasein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)